APV
Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân ta fêststelling fan in oanfraachperioade en subsydzjeplafond hearrende by de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026
- Gepubliceerd door
- Provincie Fryslân
Volledige tekst
Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân fan 17 novimber 2026 ta it wizigjen fan it Beslút ta fêststelling fan in oanfraachperioade en subsydzjeplafond hearrende by de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026 Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân, mei it each op -kêst 1.3, tredde lid fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022; en -kêst 4 fan de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026 BESLUTE Kêst I It Beslút ta fêststelling fan in oanfraachperioade en subsydzjeplafond hearrende by de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026, dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 7 april 2026, as neikomt te wizigjen: Kêst 2 lid 2, wurdt as neikomt wizige: 1.It subsydzjeplafond wurdt yn de neikommende dielplafonds ûnderferdield: Aktiviteit Ferwizing subsydzjeregeling Dielplafond Frysktalich les- of lêsmateriaal oanskaffe Kêst 2, lid 1 € 145.000,- Dielnimme oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje oer de Fryske taal en kultuer Kêst 2, lid 2 € 230.000,- In oplieding of kursus op it mêd fan de Fryske taal en kultuer folgje Kêst 2, lid 3 € 50.000,- Meartalich fuortset ûnderwiis neffens het konsept fan Taalryk oanbiede Kêst 2, lid 4 € 100.000,- In plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis ûntwikkelje en yn it wurk sette Kêst 2, lid 5 € 475.000,- Kêst II Dit wizigingsbeslút giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t it yn pleatst wurdt en wurket werom oant en mei 7 april 2026. Ljouwert, 17 novimber 2026drs. A.A.M. Brok, foarsitter drs. ing. J.J. Algra, sekretaris