Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstellings fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân, dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 9 desimber 2025

APV
Locatie
SoortAPV
Gepubliceerd op16 september 2026
Gepubliceerd doorProvincie Fryslân

Beslút fan Deputearre Steaten fan 8 septimber 2026 ta it wizigjen fan it Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstellings fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân, dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 9 desimber 2025 Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân, Mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022, BESLUTE It Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafonds en iepenstellings fan de Subsydzjeregeling Kultuer en Mienskip Fryslân, dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 9 desimber 2025, as neikomt te wizigjen: Kêst I Paragraaf 4.2 Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis wurdt as neikomt wizige: A.Paragraaf 4.2 Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis, ûnderdiel b, wurdt: b.It subsydzjeplafond foar aktiviteiten lykas neamd kêst 4.2.2 fan de regeling is € 342.000,-, en jildt fan 1 april 2026 oant en mei 30 oktober 2026. Kêst II Dit wizigingsbeslút giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t it yn pleatst wurdt en wurket werom oant en mei 23 desimber 2025. Ljouwert, 8 septimber 2026 drs. A.A.M. Brok, foarsitter drs. ing. J.J. Algra, sekretaris

Meer informatie