Learlingen oefenje Frysk yn de praktyk by Taaldoarp Frysk yn Sint Nyk
lokaal nieuws
12 juni 2026
Deel:
Gepubliceerd op12 juni 2026
Gepubliceerd doorGemeente De Fryske Marren
“Watfoar fleis sjochts hjir?” “Wat fynsto lekker?” It wiene fragen dy’t hjoed geregeld tehearren wiene yn Sint Nyk. By lokale bedriuwen yn it doarp giene learlingen fan ferskate skoallen op paad om harren Fryske sprekfeardigens yn de praktyk te oefenjen. Dat dienen sy tidens Taaldoarp Frysk, in gearwurking tusken basisskoallen, ûndernimmers, pabû-studinten en gemeente De Fryske Marren. Yn lytse groepkes kamen de learlingen by dielnimmende bedriuwen lâns om yn it Frysk koarte petearen te fieren. Dit jier diene Wind Bloemen, kapsalon KapArt, Tres Vers, Jumbo en Drogisterij en Parfumerie De Magneet mei oan it Taaldoarp. De petearen waarden begelaat troch pabû-studinten fan NHL Stenden, dy’t ek de taalfeardigens fan de learlingen observearren. Mei Taaldoarp Frysk ûntdekke learlingen dat it Frysk net allinnich in fak op skoalle is, mar ek in taal dy’tst brûkst yn winkels, op strjitte en yn it deistich libben. De dielnimmende ûndernimmers meitsje dat mooglik troch in plak yn harren saak beskikber te stellen. Taaldoarp Frysk is in inisjatyf fan de Afûk en NHL Stenden en wurdt organisearre yn gearwurking mei gemeente De Fryske Marren.